Alde spoarbrêge werom

26 jun 2009 - 11:22
  • It werompleatsen fan 'e opknapte spoarbrêge yn Ljouwert-West

In stikje skiednis is freedtemoarn werom pleatst oer de Harnzerfeart yn Ljouwert-West. De âlde spoarbrêge is opknapt omdat ek it bedriuweterrein deromhinne opknapt is. Oannimmer Knol út Akkrum pleatste freed in stik fan de brêge werom op it plak dêr't it in jier lyn weihelle waard.

De spoarbrêge wie eartiids ûnderdiel fan it Dokkumer Lokaaltsje. Neffens Eelco Wester fan Knol wie it opknappen fan it stik brêge in frij lestige put.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)