Alde slûs Starum wer yn gebrûk

04 okt 2011 - 12:39
  • De âlde slûs wurdt mei de hân betsjinne

De âlde slûs fan Starum is wer even yn âlde eare wersteld. Dat bart omdat de Johan Frisoslûs yn de stêd foar miljoenen opknapt wurdt. Dy slûs kin benammen simmerdeis de drokte net mear oan.

Fanwege it wurk wurdt dizze wike de âlde slûs betsjinne. Dat giet noch âlderwetsk mei de hân. Lang net alle boaten kinne troch de slûs. Boaten dy't djipper lizze as 1.50 moatte nei De Lemmer farre as se de Iselmar op of krekt Fryslân yn farre wolle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)