Alde slûs Starum wer yn gebrûk

28 jul 2011 - 17:32

De âlde slûs yn it sintrum fan Starum wurdt tydlik yn eare hersteld as de doarren fan de nije slûs ferfongen wurde. Dat sil wêze fan 26 septimber oant en mei 7 oktober fan dit jier. Skipfeartferkear kin der dan hielendal net del.

Seis jier lyn binne de slûsdoarren oan de bûtenkant al ferfongen. No moatte de binnendoarren der ek noch út. Dy binne hielendal ferrotte. Se wurde ferfongen troch stielen doarren. De âlde slûs wurdt mei de hân betsjinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)