Alde skilderijen oankocht

04 sep 2012 - 06:07
  • Ien fan 'e nije skilderijen yn it Frysk Lânboumuseum

De Ottema-Kingma Stichting hat op in feiling yn Parys seis skilderijen kocht dy't yn 1805 yn opdracht fan de Ljouwerter keapman Johannes van der Veen makke binne troch keunstner Aldert Jacobs van der Poort. It giet om behangskilderijen fan linnen dy't hûndert jier yn in hûs oan de Nijstêd yn Ljouwert hongen hawwe. Hoe't se yn Frankryk bedarre binne, is net bekend.

Op de skilderijen binne Fryske lânskippen te sjen. Tongersdei wurde se oerdroegen oan it Frysk Lânboumuseum yn Earnewâld, dat se yn brûklien kriget.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)