Alde sfear yn Peperstrjitte

08 aug 2002 - 00:00

De Peperstrjitte yn Ljouwert wurdt werombrocht yn de sfear fan de tritiger jierren. Undernimmers fan seis winkels krije deselde ljochtbak oan de gevel. De Ljouwerter arsjitekt Walon hat se ûntworpen. Se binne in kopy fan de bakken út de tritiger jierren.

Oan de noardkant fan de strjitte binne lêsten ek al deselde sinneskermen ophong om inselde sfear te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)