Alde postkantoar wer yn gebrûk

13 mrt 2002 - 00:00

It âlde postkantoar oan de Twibaksmerk yn Ljouwert krijt wer in iepenbiere funksje. Eigner Boomsma fan it Van Sminiahûs hat dêroer ôfspraken makke mei PTT Post yn Den Haach.

De monumintale hal sil brûkt wurde foar eveneminten, wylst de âlde telefoanisteseal omboud wurdt ta kongresrûmte. It gebou waard begjin foarige ieu boud nei in ûntwerp fan ryksboumaster Peters.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)