Alde plysjeauto helpt Gambia

08 okt 2009 - 12:28

In âlde plysjeauto fan de Fryske plysje wurdt ynset foar helpferliening yn Gambia. De auto is bedoeld foar de stichting Riders for Health. Dy stipet medyske helpferliening yn Afrika yn de foarm fan ferfier.

De plysjeauto fan it Fryske korps is 9 jier âld en waard ynset by trainingen en op de Waadeilannen. Plysjeminsken Andalasto Koppe en Marjon Wever sille tegearre de auto nei Gambia ride. De reis nei Gambia is in inisjatyf fan de organisaasje Desert Cops.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)