Alde pleats Makkum ûnbewenber

19 jan 2007 - 16:50
  • it reidtek waard fuortblaasd (foto: Jaring Rispens)
  • de pleats hat in soad skea (foto: Jaring Rispens)

In âlde pleats yn Makkum is tongersdei ûnbewenber rekke nei't in pûster it reidtek hast folslein fuortblaasd hat. Dêrby rekke de rest fan de pleats dy't 140 jier lyn boud is, sa bot skansearre dat der ynstoartingsgefaar is.

De eigner woe de pleats opknappe. Hy wie thús doe't it barde. Hy bliuwt foarearst mei frou en bern yn in fakânsjehúske. Letter wurdt besjoen oft de pleats opknapt wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)