Alde pleats fûn by Warten

22 jun 2013 - 11:23
  • De archeologen by de âlde wetterdrinkbak
  • Oersjoch fan de opgravings by Warten

By archeologysk ûndersyk krekt bûten Warten binne de resten fan in pleats út de Romeinske tiid fûn. Boppedat kaam der in hiel bysûndere wettertrôch út dy tiid oan it ljocht. Sa'n trôch is mar ien kear earder fûn. It archeologysk ûndersyk wurdt dien troch archeologen en studinten fan de Ryksuniversiteit Grins yn in greide bûten Warten. Mei help fan luchtfoto's hiene se it plak fûn.

Op dy foto's wie te sjen dat hjir hiel âlde sleatten rûnen, in oanwizing foar bewenning. Neist de Romeinske pleats, binne ek midsieuske resten fûn.

Sneon is der iepen dei by de opgravings oan de Oebele-om-Wei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)