Alde muntsjes en byltsjes fûn

23 feb 2008 - 16:12
  • It fûne guod wurdt beoardiele
  • Munten út de 13e ieu

De ynbringdei fan boaiemfynsten yn it iistidemuseum yn Bûtenpost hat dit jier gjin grutte ferrassings opsmiten. In soad fan it ynbrochte guod komt út de Stientiid, de perioade fan 9000 foar Kristus ôf. It giet meast om stiennen pylken en byltsjes.

Ek bysûnder wie de fynst fan njoggen sulveren muntsjes út de 13e ieu mei ôfbyldings fan ingels en fûgels derop. De wearde fan de muntsjes leit tusken de 100 en 1000 euro it stik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)