Alde Maaie moat feestdei wurde

12 maaie 2007 - 12:24
  • Inisjatyfnimmers hingje poster Alde Maaie op
  • Oerolachtige taferielen op Alde Maaie?

Alde_Maaie moat weromkomme as feestdei yn Fryslân. Dat fynt de stifting Fan Tryn út Trynwâlden. De sneon it tichtste by 12 maaie wie eartiids de dei dat arbeids- en pachtkontrakten ôfrûnen en nije yngongen. Dêrom waard op dy dei in soad troud en ferhuze.

Tsjinwurdich is Alde Maaie wat fergetten en neffens Fan Tryn is dat spitich. It moat in kultureel feest wurde mei aktiviteiten yn de hiele provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)