Alde kuierpaden werom

29 maaie 2011 - 13:37

Yn Tytsjerksteradiel binne sa'n 15 âlde kuierpaden yn eare hersteld. De ôfrûne jierren binne âlde paden yn de gemeente dy't net mear besteane op in digitale kaart set. It idee wie om de rûtes foar de takomst te bewarjen.

Der binne ûnderwilens 15 doarpskuiers wer op 'e nij oanlein. De kuierpaden binne likernôch tusken de 5 en 10 kilometer. Der is in folder te keap dêr't al dizze rûtes yn beskreaun steane.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)