Alde Fryske muzyk yn nij jaske

23 aug 2014 - 16:33

Talintfolle jonge Fryske muzikanten sette klassike muzyk fan fergetten Fryske komponisten oer yn moderne jazz. It is in projekt fan City Jazz Ljouwert, it UIT festival en it Frysk Muzyk Argyf. Doel is om sjen te litten hoefolle muzyktalint der yn Fryslân is. It giet om stikken fan de komponisten Reynoldus Popma Oevering út de 18e ieu en Richard Hageman fan begjin foarige ieu.

De muzyk wurdt opfierd op it City Jazz festival fan nije wike sneon en it UIT Festival fan nije wike snein, beide yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)