Alde Fryske kentekens online

08 maaie 2008 - 17:12

De kenteken-site fan Tresoar is fan kommende tiisdei ôf hielendal folslein. Alle 40 tûzen kentekens dy't tusken 1906 en 1956 registrearre binne yn Fryslân steane dan online.

De website mei de kentekens is in grut sukses. Yn oardel jier tiid hawwe goed 150 tûzen minsken in besite brocht oan de site. Dat is folle mear as earst tocht. It wie earst de bedoeling net mear as 5000 kentekens online te setten, mar troch de grutte belangstelling komt no alles derop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)