Alde foto's Anjum te besjen

22 feb 2003 - 00:00

Bewenners fan Anjum binne freedtejûn even werom yn de tiid gien. Yn Hotel Lauwersmar kamen jong en âld by-inoar om âlde foto's en ansichtkaarten te besjen. En dat rôp in soad herinnerings en ferhalen op.

Ferskillende samlingen fan âlde foto's en kaarten fan Anjum binne de ôfrûne tiid by-inoar brocht. Al mei al 1600 stiks, út de perioade 1900-1980. Al it materiaal is yn de kompjûter set. In part koe it publyk freed op dia besjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)