Alde Fokker boppe Drachten

11 des 2008 - 19:43
  • De Fokker S11

Der is sneon in âlde Fokker S11 te sjen boppe it sintrum fan Drachten. It fleantúch komt nei Drachten yn ferbân mei de iepening fan de tentoanstelling 'Gerben Sonderman, een geboren vlieger'. Dy is fan sneon ôf te sjen yn Museum Smallingerland.

Gerben Sonderman waard yn 1908 berne yn Drachten. Foar en nei de Twadde Wrâldoarloch wie er testpiloat foar Fokker. Nei de oarloch die er as earste piloat in testflucht mei de Fokker S11.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)