Alde ferbiningsfeart by Dokkumer Ie wurdt wer befarber makke

23 apr 2015 - 14:18
  • Ferbiningsfeart by Dokkum
  • Ferbiningsfeart by Dokkum
  • Loftfoto fan ferbiningsfeart

De gemeente Dongeradiel begjint nije wike mei it útgraven fan in âlde ferbiningsfeart tusken de Dokkumer Ie en de Wâldfeart. De rûte wurdt befarber foar boaten oant 2,5 meter heech.

In tal huzen yn 'e buert komt oan it wetter te lizzen en by de wiken de Trije Terpen en Woudhorne komme oanlisplakken. De ôfrûne tiid is al iepenbier grien fuorthelle en binne kabels ferlein. Wethâlder Albert van der Ploeg jout nije wike tongersdei it startsein foar it echte graafwurk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)