Alde fearboat Flylân sonken

03 jun 2008 - 21:12
  • De fearboat yn bettere tiden
  • De fearboat yn de haven fan Greenville

De eardere fearboat fan Flylân, it skip Oost-Vlieland, is yn Afrika fergien. It skip waard twa jier lyn yn Liberia yn gebrûk naam foar fracht- en passazjiersfeart lâns de kust.

Ferline wike is it skip yn de haven fan Greenville sonken. Nei alle gedachten hat it skip te swier beladen west. Twa bemanningsleden binne ferdronken. Mei de Oost-Vlieland waard tusken 1962 en 1990 de fearferbining tusken Flylân en de fêste wal fersoarge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)