Alde Feanen wer iepen

03 jul 2013 - 21:42

Nasjonaal Park de Alde Feanen is offisjeel wer iepen foar it publyk. De ôfrûne tiid is yn it natoergebiet by Earnewâld wurke oan 'e wetterhúshâlding. Sa binne der nije petgatten groeven, dy't no fol wetter steane. Woansdeitejûn waard it gebiet offisjeel iepene troch deputearre Johannes Kramer. By de iepening wie ek omtinken foar de nije kuierpaden, it farren yn in elektryske boat en it kanofarren.

It opknappen fan de Alde Feanen hat in pear miljoen euro koste. Meikoarten giet ek de twadde faze fan it projekt los.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)