Alde Feanen modernisearre

24 maaie 2006 - 16:25

Nasjonaal Park de Alde Feanen is modernisearre. De natuer is noch altyd itselde, mar mei moderne techniken kinne je no it gebiet besjen. Der is in spesjale kuierrûte útset mei in gps-systeem.

Fia de satelyt wite je dan krekt wêr't je binne en krije je ekstra ynformaasje. Bern kinne op ûndersyk út mei spesjale kompjûters en der kin fearn wurde mei 'flústerboatsjes'. It projekt kostet 9 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)