Alde Feanen Challenge: 80 km drave, swimme, kanoje en fytse

30 aug 2015 - 17:21
  • Alde Feanen Challenge
  • Alde Feanen Challenge

Yn natuergebiet De Alde Feanen by Earnewâld fynt snein in swier sportevenemint plak: De Alde Feanen Challenge. Dielnimmers út it hiele lân komme nei Earnewâld om te kanojen, draven, swimmen en mountainbiken. In parkoers fan yn totaal 80 kilometer moatte se ôflizze, dwers troch de natuer fan De Alde Feanen nei Ljouwert. Mar leafst 68 teams besteande út twa minsken dogge mei oan de swiere tocht.

Dielnimmers moatte saneamde 'checkpoints' sammelje en krije dêr punten foar. It team mei it measte tal punten wint de Challenge. It is de tredde edysje fan de Alde Feanen Challenge

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)