Alde fargeul Schuitegat komt wer op djipte

20 feb 2016 - 12:52

De reistiid nei Flylân en Skylge wurdt mei help fan de natoer in stik koarter. De âlde fargeul, it Schuitegat, streamt stadichoan wer iepen en komt wer op djipte. De fartiid troch dy geul kin sa mei 10 minuten werombrocht wurde.

Dat is goed foar Skylge en Flylân neffens wethâlder Klaas Hendrik van der Wielen. Njonken dat de reistiid koarter wurdt, sparret it ek brânstof. Ien fan de neidielen fa it Schuitegat is de seegong. Dy is dêr mear as yn de hjoeddeiske rûte fia de Slenk. Neffens Van der Wielen is it Schuitegat ek folle betrouberder.

De Slenk wurdt no geregeld útbaggere. Van der Wielen tinkt dat de sneltsjinst no al gebrûk meitsje kin fan it Schuitegat. De fartiid nei Flylân wurdt dan mei de helte werombrocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)