Alde fabryksgebouwen yn kaart

19 des 2012 - 20:05
  • Dunlop yn Drachten

Alle âlde fabryksgebouwen yn Fryslân wurde yn kaart brocht. It giet om monumintale gebouwen dy't net altyd mear tsjinst dogge as fabryk, dy't soms leech stean of op in oare manier brûkt wurde. Ut ûndersyk docht bliken dat gemeenten net folle ynsicht hawwe yn de leechstân fan gebouwen en dat te let aksje ûndernommen wurdt as in pân leechkomt. Faak moat dan noch lang neitocht wurde oer in nije bestimming en yn dy tiid fertutearzet it gebou.

De provinsje stelt jild beskikber foar de ynventarisaasje fan it yndustrieel erfgoed. It sil útfierd wurde troch Monumintesoarch Fryslân, de stifting Yndustrieel Erfgoed en de Stichting Doarp en Bedriuw Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)