Alde bommen yn Harns

27 sep 2000 - 17:43

Yn Harns is de Keninklike Luchtmacht mei it bergjen fan in Britske bommewerper begûn. In Dútske strieljager skeat de Halifax yn de Twadde Wrâldoarloch del. It tastel moat burgen wurde om't op dat plak de nije wenwyk Ludinga boud wurdt.

De Eksplosiven Oprommingstsjinst helle tiisdei mear as fyftich magnesiumbommen en trije, gefaarlike fosforbommen út de bommewerper. De fynst wurdt ferneatige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)