Alde boeken ûnder de hammer

24 nov 2003 - 00:00

Antikwariaat De Tille sil oare wike twa bysûndere boeken feile. It giet om in boek út 1630 en ien út 1644. Beide geane oer it gebiet dat de Westindyske Kompanjy yn dy tiid bestruts yn Midden-Amearika.

Yn de boeken steane kaarten, beskriuwings en printen fan bisten en planten. In grutte samler út it westen biedt se te keap oan. It antikwariaat ferwachtet dat de wurken elk op syn minst tsientûzen euro opbringe sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)