'Alde' Biohazard op Wâldrock

14 mrt 2008 - 10:37
  • Biohazard stie yn 2001 ek al op Wâldrock

De Amerikaanske band Biohazard fiert harren 20-jierrich jubileum op 5 july op it Wâldrockfestival yn Burgum. It wurdt it earste Biohazard-konsert sûnt lange tiid yn de orizjinele besetting.

Sjonger Evan Seinfield, gitarist Billy Graziadel, drummer Danny Schuler en gitarist Bobby Hambel hiene al sûnt 1995 net mear meiïnoar op it poadium stien. Op Wâldrock steane ek oare bekende 'hurde' bands as Slayer, Life of Agony en Lordi.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)