Alde bibeltegels yn Harns

23 des 2009 - 14:16

By it tegelfabryk yn Harns wurde sa'n 1000 tegels restaurearre. Se binne yn 1750 makke yn Harns en beskildere mei bibeltafrielen troch de Harnzer skilder Pals Karsten. De opdracht foar it opknappen komt fan in kueroard yn Dútslân. Yn it gebou wenne earder ien fan adel. De tegels sieten yn in skou.

De measte tegels binne der min oan ta. De klus moat foar de simmer fan takom jier klear wêze. Se wurde wer yn de skou werompleatst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)