Alde beam ferhuzet nei Almere

02 okt 2000 - 14:10

In 120 jier âlde beam ferhuzet meikoarten fan Oentsjerk nei Almere. De reus stiet yn it park by âldereintehûs Heemstra State. Hy moat fuort fanwege útwreiding fan 'e ynstelling.

De gemeente Almere wol mei it âlde eksimplaar it nije stedssintrum mear alluere jaan. Sokke âlde beammen wurde suver nea ferplante. It is de fraach oft de Fryske âldreus yn Almere aardzje kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)