Alde akten op ynternet te lêzen

20 nov 2002 - 00:00

Akten fan foarâlden besjen fia ynternet. Dêrta hat Gaasterlân-Sleat as earste gemeente yn Fryslân besletten. It giet foarearst inkeld om de akten fan 'e gemeente Sleat fan 1811 oant 1902. Faak is dy ynformaasje wol op ynternet te finen, mar bysûnder is dat hjir de akten sels ek te besjen binne.

De 5000 akten binne op te freegjen fia www.friesarchiefnet.nl. Benammen stambeamútsikers meitsje gebrûk fan dy mooglikheden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)