Ald-VNO/NCW-foarsitter ferstoarn

07 apr 2005 - 12:26

Ald-VNO/NCW-Noard-foarsitter Popke de Jong is woansdei op 63-jierrige leeftiid yn syn wenplak Oranjewâld ferstoarn.

De Jong wie foarsitter fan de wurkjouwersorganisaasje fan 1996 oant 2003. Hy hat grutte ynfloed hân op de ekonomyske ûntjouwing fan Fryslân. Sa hat er yn de jierren '90 it ûntwikkelingsfûns 'Kompas voor het Noorden' mei-oprjochte. Ek spile er in rol by it sluten fan it Langman-akkoard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)