Ald Twarres-lid Johan siik

11 sep 2009 - 15:46
  • De âlde en nije Twarres mei Johan, Mirjam en Joost

Ald Twarres-lid Johan van der Veen koe twa jier lyn net in comeback meitsje, omdat er siik is. Hy hat neuropaty, in oandwaning dy't derfoar soarget dat senuwen ôfstjerre. Hoe slim oft de sykte krekt is yn it gefal fan de âld-Twarres-sjonger, moat noch dúdlik wurde troch ûndersyk.

It populêre duo hâlde yn 2003 op, mar kundige twa jier lyn in comeback oan. Fanwege de sûnens fan Johan gie dat oer. Mirjam Timmer giet fierder mei Twarres.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)