Ald-turnster traint junioareseleksje ritmysk gymnastyk

25 feb 2015 - 17:11
  • Training ritmysk gymnastyk

De nasjonale junioareseleksje ritmysk gymnastyk hat woansdei de lêste training hân yn Frjentsjer yn de oanrin nei it EK yn Minsk. Under lieding fan Frysk âld-turnster Corina Wouters wurken seis famkes in trainingsstaazje ôf yn sporthal de Trije.

Dat is bysûnder, om't sûnt 2008, en dêrfoar sels sûnt de jierren njoggentich, gjin Nederlânske teams fertsjintwurdige wienen. Dêr hat Wouters doe sels ek oan mei dien. Se hopet mei har ûnderfining in bydrage leverje te kinnen oan de prestaasjes fan it team.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)