'Ald-stamboekbestjoer net werom'

16 mrt 2005 - 18:02

De âld-bestjoersleden fan it Frysk Hynstestamboek ûnder lieding fan eks-foarsitter Van der Meulen meie ein april net weromkomme yn in nij bestjoer. Dat fynt alteast in groep fan 70 hynstehâlders.

Se sizze yn in brief oan de leden dat foaral Van der Meulen foar in soad ûnrêst soarge hat. Dat soe komme troch belangeferstrengeling. Woansdei hat in delegaasje fan de hynstehâlders in petear hân mei Van der Meulen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)