Ald skoalle yn Wolvegea fiif jier lang 'azc-trochstreamhûs'

08 okt 2015 - 15:24

De eardere skoalle Bornego College yn Wolvegea wurdt fiif jier lang in ferbliuwplak foar asylsikers mei in ferbliuwsfergunning. It gebou moat earst klearmakke wurde. Dêrom kinne se der net earder as ein desimber yn. De âld skoalle kin ûnderdak jaan oan tolve húshâldings. De omwenners krije tongersdeitejûn op it gemeentehûs fan boargemaster Gerard van Klaveren ynformaasje oer de tydlike húsfesting.

Trochdat yn Wolvegea plak komt, krije de reguliere asylsikerssintra wer mear romte foar de nije stream flechtlingen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)