"Ald skoalle net slope"

15 maaie 2006 - 23:16

De histoaryske feriening Smelne's Erfskip makket beswier tsjin de sloop fan de âlde kweekskoalle oan de Torenstrjitte yn Drachten. De gemeente hat dêr al in fergunning foar ôfjûn.

Yn de strjitte steane meardere monumintale gebouwen. Neffens Smelne's Erfskip soe sloop it karakter fan de strjitte tefolle feroarje. Dêrom moat der nochris goed oer neitocht wurde. It gebou is no eigendom fan in projektûntwikkelder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)