Ald-riders sille it iis op by iepening fernijde Thialf

06 nov 2015 - 17:23

Nei in lange ferbouwing is it nije wike safier: de iepening fan it fernijde iisstadion Thialf op It Hearrenfean. Einlik wurdt dan it earste rûntsje op it nije iis fan Thialf riden. Deputearre Klaas Kielstra is oanwêzich, hy sil de nije iisbaan offisjeel iepenje. Yn in spesjale teamsprint nimme talinten fan no it op tsjin âld-riders, lykas Rintje Ritsma, Falko Zandstra en Jan Ykema.

It bouwurk by it iisstadion is noch net hielendal klear. Nei de iepening nije wike freed kin der wol wer riden wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)