Ald-PVV'er hyt no Friese Koers

18 nov 2011 - 17:19

Ald-PVV fraksjefoarsitter Jelle Hiemstra giet yn de Fryske steaten fierder ûnder de namme 'Friese Koers'. Dat hat Hiemstra freed bekend makke. Hiemstra stapte ein oktober út de fjouwerkoppige PVV-fraksje omdat er it net iens is mei it islamstânpunt fan dy partij. Ek fielde er net genôch stipe fan partijgenoaten doe't er yn syn hûs troch ûnbekenden mishannele waard.

Jelle Hiemstra is ambisjeus. Hy wol mei 'Friese Koers' meidwaan oan de steateferkiezings yn 2015. Hiemstra wol it busbedriuw FRAM wer werom yn Fryslân. Dêrneist wol er fan Fryslân it Floarida fan de soarch meitsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)