Ald-politika Mieke Andela-Baur ferstoarn

05 jan 2016 - 14:47
  • Mieke Andela-Baur yn har tiid as CDA-keamerlid yn Den Haach

Yn har wenplak Boalsert is ôfrûne sneon politika Mieke Andela-Baur ferstoarn. Andela-Baur waard berne yn it Limburchske Nieuwenhagen, mar kaam nei in houlik mei in Fryske boer yn Fryslân te wenjen. Fan 1970 ôf waard se polityk aktyf, earst foar de KVP, letter foar it CDA. Fia riedswurk kaam se yn Provinsjale Steaten, en fan 1976 oant 1986 hat se yn de Twadde Keamer sitten.

Dêr hâlde se har dwaande mei sûnenssoarch, kulturele minderheden en de Fryske taal. Mieke Andela-Baur is 92 jier wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)