Ald papier yn kontener

21 okt 2003 - 00:00

Ald papier gewoan yn de kontener fuortsmite. Bewenners fan de wyk De Greiden op It Hearrenfean kinne dat. Se hoege âld papier tenei net mear by elkoar te binen. De konteners sette se oan de dyk set en Fryslân Miljeu hellet se alve kear yn it jier fergees op.

Skoalbern sutelen de 150 konteners tiisdei út. Mei de konteners hoopje Fryslân Miljeu, gemeente en skoallen 20 prosint mear âld papier op te heljen. De opbringst is foar de skoallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)