Ald nedersetting yn terp Eastrum

07 feb 2006 - 08:18

Yn de terp fan Eastrum binne resten fûn fan in âlde nedersetting. It giet om guod út de perioade fan 3400 oant 2850 foar Christus, út de saneamde Trechterbekerkultuer. De fynst bestiet út hûnderten skerven ierdewurk, fjoerstiennen en stiennen ark.

Neffens argeologen jout de bysûndere fynst in skat oan gegevens oer de earste bewenning yn Noardeast-Fryslân. Dongeradiel wol it materiaal letter tentoanstelle foar publyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)