Ald-meiwurkers Prins Dokkum stride foar hegere útkearing

24 jun 2015 - 12:53
  • Staking Prins Dokkum

Ald-meiwurkers fan metaalbedriuw Prins Dokkum wolle fia de rjochter oanfjochtsje dat se in te lege útkearing krije. Se wurde troch útkearingsorganisaasje UWV koarte op de WW. Dit hat te krijen mei de perioade dat der staakt is. It UWV sjocht dit as ûnbetelle ferlof en net as stakingsdagen. Dêrtroch binne de dagen net meiberekkene yn de hichte fan de útkearing.

Ferline jier is de saak alris behannele foar de rjochtbank yn Ljouwert. De rjochter fûn it doe in nuvere situaasje.

In útspraak koe er net dwaan. De saak moat behannele wurde foar de saneamde mearfâldige keamer fan de rjochtbank yn Grins. Oer seis wiken docht de rjochter útspraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)