Ald-Laweidirekteur krijt eigen seal

12 nov 2015 - 21:51
  • Seal ferneamd nei Roel Oostra

De 94-jierrige Roel Oostra, de earste direkteur fan teater De Lawei yn Drachten, is tongersdeitejûn ferrast mei in seal dy't nei him ferneamd is.

No't de ferbou fan De Lawei hast klear is, fûn it teater it tiid om him yn it sintsje te setten. Oostra wie 25 jier direkteur fan De Lawei en bleau ek nei dy tiid nau belutsen by de kulturele programmearring.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)