Ald-keatser Johannes van Dijk ferstoarn

29 mrt 2016 - 20:00
  • Johannes van Dijk (argyfbyld)

Ald-keatser Johannes van Dijk (55) is ferstoarn. Van Dijk keatste fan 1981 oant en mei 1996 op it heechste nivo. Hy wûn alle prizen dy't der te winnen binne. Yn syn karriêre stie er fjouwer kear yn de finale fan de pc. Yn 1985 en 1994 wûn er dy ek. By de earste kear waard er ek útroppen ta kening.

Twa jier lyn waard by Van Dijk kanker konstatearre. Hy ferstoar tiisdei oan de gefolgen fan 'e sykte.

Kleurryk

Keatsferslachjouwer Geert van Tuinen neamt Van Dijk in kleurryk persoan. "Miskien wol de lêste sa kleurrike keatser op de fjilden. In man dy't fleur en faasje joech oan it spul. In man dy't ek wist hoe't er in publyk bespylje moast. Dêrmei waard er in enoarm populêre keatser ûnder it publyk", sa seit Van Tuinen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)