Ald grêfstien fûn yn Hylpen

05 jul 2006 - 15:57

Yn Hylpen is moandei in 19e-ieuske grêfstien fan in âld-boargemaster fan de stêd fûn. De stien kaam boppe wetter by wurk oan it rioel, by de rûnwei.

De stien is fan Klaas Tsjebbes: boargemaster, keapman en lid fan provinsjale steaten. Neidat de grêven romme binne, is er nei alle gedachten opnij brûkt om in dûker ûnder de dyk troch te ferstevigjen. It neiteam fan Tsjebbes krijt de stien oanbean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)