Ald en jong brûkt streektaal

18 des 2014 - 18:20
  • It omkaft fan de streektaalatlas

It ferskil yn gebrûk fan de streektaal tusken âlderen en jongeren is folle minder grut as tocht. Dat die tongersdei bliken by de presintaasje fan de streektaalatlas fan Fryslân. Hast 6.000 húshâldens joegen antwurd op de fraach hoe faak sy harren streektaal brûke.

Dêrút docht bliken dat krekt wat mear as de helte fan alle âlderen de eigen taal lykas it Biltsk, Stellingwerfsk of Amelânsk, brûkt. By jongeren sit dat persintaazje krekt ûnder de 50 prosint.

De streektale-atlas jout in oersjoch fan it behearskingsnivo en it gebrûk fan de ferskate streektalen troch de ynwenners fan de Fryske streektaalgebieten. Opfallend is dat it gebrûk fan de streektaal bot ferskilt per gebiet. Sa wurdt it Amelânsk bygelyks folle mear praat op it eigen eilân as it Skiermûntseagersk op Skiermûntseach. De streektale-atlas kin ek on-line rieplachte en delhelle wurde op de website fan de Provinsje Fryslân.

Gean nei de streektale-atlas.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)