Ald-dûmny no katolyk diaken

21 nov 2010 - 13:57

Yn de katolike Bonifatiustsjerke yn Ljouwert is sneon in eardere protestânse dûmny ta diaken wijd. Tjitze Tjepkema wie santjin jier dûmny yn ûnder oare de grifformearde tsjerke fan Ie en Boalsert. Trije jier ferlyn stapte er oer nei de katolike tsjerke. De wijing waard dien troch biskop De Korte fan it bisdom Grins-Ljouwert.

Tjepkema folge syn prystersoplieding yn Italië. Omrop Fryslân stjoert op snein 28 novimber in dokumintêre oer him út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)