Ald-direkteur sosjale tsjinst Jan de Boer presintearret boek

10 apr 2016 - 18:25
  • Hedy d'Ancona en Jan de Boer
  • Jan de Boer mei âld-minister Hedy d'Ancona
  • Geart de Vries en Jan de Boer

It earste eksimplaar fan it boek fan âld-direkteur Jan de Boer fan de sosjale tsjinst yn Ljouwert is sneintemiddei ûnder grutte publike belangstelling presintearre yn it Historisch Centrum Leeuwarden. De memoires fan de op dit stuit yn Frankryk wenjende De Boer hawwe as titel 'Een profeet die stokbrood eet'. Ald-minister Hedy d'Ancona naam it earste boek yn ûntfangst. De boekpresintaasje foel twa dagen nei de tachtichste jierdei fan De Boer, dy't yn de jierren '80 en '90 furoare makke as direkteur fan de sosjale tsjinst.

Hy joech geregeld syn fyzje oer tema's as earmoede, ekology en ekonomy yn lanlike deiblêden. Nei syn pensjoen ferhuze er nei Cobières yn Súd-Frankryk. Dêr folget er noch hieltyd de ûntwikkelingen yn Fryslân. Njonken Hedy d'Ancona wie ek âld-minister Louw de Graaf fan it CDA sprekker. Hy wie it ynhâldlik meastentiids net iens mei Jan de Boer, mar beide manlju respektearren elkoar wol bot.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)