Ald-direkteur jagersbûn frijsprutsen fan gebrûk lokfluit

15 feb 2016 - 11:01
  • Justysje

De eardere direkteur fan de Koninklijke Nederlandse Jagers Vereniging, Douwe Boersma, is troch it Ljouwerter Gerjochtshôf frijsprutsen fan it brûken fan in lokfluit by de jacht op guozzen, op in stik lân yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Boersma hat altyd sein dat hy net skuldich wie oan it brûken fan de lokfluit.

Fanwegen de kwestje waard Boersma troch it jagersbûn op non-aktyf steld, dêrnei stapte hy op. Boersma seit ferromme te wêzen oer de útspraak. Hy seit dat der lykwols gjin 'hard feelings' binne tusken him en it jagersbûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)