Ald-boargemaster Zijlstra fan Skiermûntseach ferstoarn

12 des 2014 - 10:45
  • Martin Zijlstra yn syn tiid op Skiermûntseach

Ald-boargemaster fan Skiermûntseach Martin Zijlstra is op 70-jierrige leeftyd ferstoarn yn syn wenplak Woldendorp. Zijlstra (PvdA) wie fan april 2011 oant jannewaris 2012 earste boarger op it eilân. Hy ferfong doe Bert Swart.

De Grinslanner Zijlstra hat fierder Twadde Keamerlid west en boargemaster fan de gemeenten Oldambt en Termunten. Zijlstra wie ek seis jier foarsitter fan RTV Noord.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)