Ald-bestjoerder Sporre ree werom te kommen by SC Hearrenfean

05 nov 2015 - 13:00
  • Gaston Sporre

Gaston Sporre is ree werom te kommen by SC Hearrenfean. De ûndernimmingsried fan de klup soe Sporre graach as ynterim bestjoerder werom ha.

Ambysjes fan Gaston Sporre
It is net de ambysje fan Sporre dat hy in fêst plak krijt yn it bestjoer fan de klup. "Ik heb altijd gezegd dat Heerenveen een permanent bestuur met Fries DNA verdient", sa seit Sporre.

Ynterim bestjoerder 
Nei it ôftreden fan sawol it deistich bestjoer as it stichtingsbestjoer is Sjoerd Feenstra oansteld as formateur. Sporre: "Als Feenstra langere tijd nodig heeft en hij acht het nodig dat er een interim moet komen, dan ben ik beschikbaar".

Gaston Sporre wie yn 2013 ek al as ynterim bestjoerder wurksum by Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)